Syktocht nei drinkeling yn Ljouwert om 'e nocht

12 aug 2019 - 06:17

De brânwacht hat sneintenacht rûn 02.35 yn Ljouwert om 'e nocht socht nei in drinkeling. Dy soe by de sporthal yn de Van Loonstrjitte yn it wetter bedarre wêze.

Foto: Jaring Rispens

Der waard fuortendaliks in grutte syktocht opset, derby binne ek dûkers ynset. Der is net ien fûn, wêrnei't de sykaksje stopset is. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de melding oer de drinkeling.

(advertinsje)
(advertinsje)