FIDEO: Alles oer it skûtsjesilen fan snein op de Fluezen

De wedstriden fan de IFKS koene snein trochgean. Net op de Iselmar, mar op it binnenwetter, op de Fluezen. It Doarp Eastermar wûn de wedstriid yn de A-klasse. Hjirûnder in wedstriidferslach, reaksjes fan de winnende skipper Geale Tadema, de nûmer twa Jeroen de Vos fan skûtsje Eelke II en fan Jaap Hofstee, skipper fan it Swarte Wief. Sy sylden foaroan, mar makken in flater en moasten in strafrûntsje draaie.
Skutsjeblok fan snein