GroenLeven sponsor fan jeugd Sportklup Hearrenfean

11 aug 2019 - 20:35

GroenLeven wurdt sponsor fan de jeugdteams fan Sportklup Hearrenfean. Alteast, dat is de bedoeling. It kontrakt leit al klear, mar wis is it noch net. Zonel Energy, in konkurrint fan GroenLeven, wurdt mooglik haadsponsor fan it frouljusteam. Mar hoe sit dit krekt en wat foar problemen kin dit opsmite?

Foto: Orange Pictures

It sinnepanielebedriuw GroenLeven wie de lêste twa jier haadsponsor fan Hearrenfean. Troch in konflikt oer it pleatsen fan sinnepanielen, ûnder oare op it dak fan it Abe Lenstra stadion, is GroenLeven ferline seizoen al ôfheakke as haadsponsor. Se bliuwe no wol businesspartner. Dat binne op dit stuit de sân belangrykste sponsoaren nei de haadsponsor. Hearrenfean is noch altyd op syk nei in haadsponsor.

Hoe wis is de komst fan GroenLeven as haadsponsor?

Dat it noch net folslein wis is dat GroenLeven haadsponsor by de jeugd wurdt, komt troch de mooglike haadsponsor fan de froulju en de fakânsje fan direkteur Roland Pechtold, de direkteur fan GroenLeven. Pechtold komt moandei werom en neffens Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond komt dat wol klear. "We zitten op korte termijn bij elkaar. Het is voor de club vanzelfsprekend erg mooi dat GroenLeven dit wil doen."

Oer it bedrach dat Hearrenfean dêrfoar krijt, wol Roozemond net al tefolle kwyt. "Het is een substantieel bedrag." GroenLeven sil in kontrakt tekenje foar trije jier. Earder wiene se haadsponsor foar 500.000 euro, dus it bedrach sil no ûngefear in pear ton wêze.

Foto: Orange Pictures

It bedriuw Zonel Energy wurdt mooglik haadsponsor fan de froulju fan Sportklup Hearrenfean. It bedriuw sit op it businesspark fan It Hearrenfean en hat snein petearen hân mei minsken fan Sportklup Hearrenfean. Dat hawwe se dien yn in sakeloge, in skybox, fan Hearrenfean by de wedstriid Hearrenfean-Feyenoord. De stichting Vrouwenvoetbal Noord Nederland is de nije stichting, dy't oprjochte is nei't ferline jier besletten wie dat de Feanfroulju in trochstart meitsje moasten.

Romte foar stichting yn stadion

De stichting hat no fan Sportklup Hearrenfean dit hiele seizoen de beskikking krigen oer in sakeloge yn it Abe Lenstra Stadion. Dêr hawwe se de beskikking oer 68 stuollen en kinne se minsken útnûgje. Dat is fansels wer goed foar de kontakten mei potinsjele sponsoaren. Boppedat sil de romte oan de sneldykkant fan it stadion brûkt wurde as spilershome en in romte dêr't de froulju wurkje of studearje kinne.

De Stichting Vrouwenvoetbal Noord Nederland hat noch gjin haadsponsor en de begrutting is noch net rûn. De tydlike bestjoersleden Adriaan Dillema, Hylke van der Veen en Anne Jochum de Vries binne drok dwaande mei sponsoaren. Anne Jochum de Vries: "We ha de seleksje en de technyske stêf fêstlein. Dat wie al in pittige klus, want we moasten opnij oan de slach mei de froulju. Boppedat is it lêstich om te bepalen wat we de froulju biede kinne."

"Net befêstigje, noch ûntkenne"

Oer de mooglike nije haadsponsor wol en kin De Vries net al tefolle kwyt: "Dat kin ik net befêstigje, noch ûntkenne". Mei de mooglike komst fan Zonel Energy ûntstiet der ek in potinsjeel probleem. Want wat fynt GroenLeven derfan dat ek in oar sinnepanielebedriuw op in shirt fan Hearrenfean komt te stean?

GroenLeven wie snein net berikber foar kommentaar.

(advertinsje)
(advertinsje)