Debút Jan Ras by Hearrenfean: "Erg mooi om eindelijk mijn debuut te maken"

11 aug 2019 - 20:09

"Ik voetbal hier nu al elf jaar. Om dan eindelijk mijn debuut te maken, dat is mooi." Dat sei de 20-jierrige debutant Jan Ras fan Sportklup Hearrenfean. Ras debutearre sneintemiddei yn it earste alvetal fan de Feansters, yn de wedstriid tsjin Feyenoord. SC Hearrenfean pakte yn it eigen Abe Lenstra stadion úteinlik in punt tsjin de besikers út Rotterdam. It waard 1-1.

Jan Ras komt fan Urk en is in oanfallende middenfjilder. By syn debút sneintemiddei fielde hy dat der miskien wol wat mear yn siet. "Ik denk dat we wel de overhand hadden, zeker op bepaalde momenten in de wedstrijd. Na de 1-1 nam de energie toe en hoop je stiekem op nog een doelpunt. Maar 1-1 is in dit geval prima."

Werom nei auto-ûngelok

Miskien hie Ras wol earder debutearje kinnen yn it earste fan Sportklup Hearrenfean. Fanwegen in auto-ûngelok hat hy der in skoft út west. "Vorig jaar heb ik daarbij mijn bovenarm gebroken", sa fertelt er. "Toen ben ik te snel teruggekomen en daar heb ik veel last aan overgehouden. Ik ben er een heel jaar uit geweest. Maar ik had zelf wel het vertrouwen dat ik terug zou komen. Nu is het prima, ik voel er niets meer van."

Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin net ûntefreden mei it punt. "Ik kan er wel mee leven. Het is een terecht gelijkspel. De eerste twintig minuten waren voor ons. Jammer genoeg ging de penalty er niet in. Daarna zakten we een beetje weg. Omdat we de bal niet hielden, werden we teruggedrongen. In de tweede helft zijn we eigenlijk niet echt meer in de problemen geweest. De 1-1 kwam uit de lucht vallen, wat een geweldige goal!"

In ferbetterpunt sit neffens Jansen yn it balbesit fan syn ploech. "Dat moet beter. Zeker in de countermomenten die we hebben gehad. Daar vind ik ons gewoon te slordig. Als we in de tweede helft wat beter de kansen hadden afgemaakt, had er nog wat meer in gezeten. Maar ik ben tevreden met het gelijke spel."

Krekt foar it skoft foel it earste doelpunt fan de wedstriid, foar Feyenoord. De strafskop dy't de gasten krigen, waard ynlaat troch hands fan Sherel Floranus. "Hij kopte de bal op mijn hand, mijn hand was iets te hoog", sa sei de ferdigener fan SC Hearrenfean.

"Ik denk dat het een normale beweging was, maar het was een penalty. Dat is dan jammer. Of het terecht is? Dat weet ik niet. De scheidsrechter beslist uiteindelijk. En dat terwijl ik goed bezig was deze wedstrijd. Ik maakte weinig fouten en was lekker aan het voetballen. En dan krijg je zo'n penalty tegen. Dat is erg jammer."

Dresevic: "Ik heb de keeper verrast"

De lykmakker fan Ibrahim Dresevic smiet Hearrenfean dochs noch in punt op yn de slotfaze. "Het was een geweldig schot", neffens Dresevic. "Ik denk dat ik de keeper verrast heb. Het doelpunt deed me goed, het was goed voor het team. Het gelijkspel is fijn, beter dan dat we verliezen. Het was alleen jammer dat we de penalty hebben gemist."

(advertinsje)
(advertinsje)