Sijbrandij, Van der Leest en Zeinstra winne yn Harns

11 aug 2019 - 18:57

Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hawwe sneintemiddei yn Harns de frouljus haadklassepartij wûn. Yn de finale wie it partoer mei 5-3 6-2 te sterk foar Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra.

Foto: Sjoerd Dotinga

De lytse preemje yn Harns gie nei Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol. Sy wûnen yn de beslissende partij fan it partoer fan Anne Berber Zeinstra, mei 5-2 6-0.

Frouljus PC

De keatsfroulju kinne harren stadichoan opmeitsje foar de tradisjonele Frouljus PC. Dy wurdt oer tsien dagen, op woansdei 21 augustus, hâlden yn Weidum.

(advertinsje)
(advertinsje)