Gjin wedstriden fan AZ op It Hearrenfean: gemeente wol net

Der sille gjin wedstriden fan fuotbalklup AZ spile wurde yn it Abe Lenstra stadion. Direkteur Cees Roozemond hat it stadion wol oanbean oan de klup út Alkmaar, mar boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean wol it net.
It Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Reden foar de ôfwizing is dat ien fan de wedstriden AZ tsjin FC Grins is. Mei FC Grins hat Hearrenfean in soad problemen hân, neffens de boargemaster.

Dak ynstoart

De klup út Alkmaar siket lokaasjes om te spyljen, omdat de ploech fanwegen it ynstoarten fan it dak fan ien fan de tribunes fan it stadion fan AZ, net mear telâne kin yn it eigen stadion.