Beitske Visser grypt njonken titel yn W Series

11 aug 2019 - 18:12

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea hat sneintemiddei yn Ingelân njonken de titel yn de W Series grypt. Op it sirkwy fan Brands Hatch waard Visser tredde, mar har konkurrinte Jamie Chadwick einige efter har as fjirde. Chadwick hie dêrmei genôch spylromte foar de titel.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

Sy wie dêrmei de earste kampioene yn de W Series foar eigen publyk yn Ingelân. De winst yn it kampioenskip smyt har goed 500.000 dollar op. Beitske Visser krijt foar har twadde plak yn it klassemint de helte fan dat bedrach.

Lytse kâns

Visser hie op it sirkwy fan Brands Hatch noch in lytse kâns om Chadwick yn te heljen yn it klassemint. Mei in oerwinning hie de Ingelske as fjirde of leger einigje moatten.

De oerwinning gie sneintemiddei nei Alice Powell.

Fryske flagge op it poadium

By de poadiumseremoanje nei ôfrin fan de race yn Brands Hatch wie sels in Fryske flagge te sjen. De organisaasje hie yn stee fan de Nederlânske flagge, boppe Beitske Visser, de Fryske flagge hyst.

Trefwurden: 
Beitske Visser W Series
(advertinsje)
(advertinsje)