Nard Brandsma ferbetteret Frysk fierljeprekôr fan Helmholt: 21.68 meter

In ôfstân fan 21.68 meter: dat is sûnt sneintemiddei it nije Fryske rekôr fierljeppen. Nard Brandsma fan Warkum ljepte dy ôfstân yn de finale en ferbruts dêrmei it âlde rekôr fan Bart Helmholt fan 21.64 meter. Brandsma pakte dêrmei snein ek de Fryske titel yn Winsum.
Nard Brandsma ljept in nij rekôr op it FK
Mei syn prachtsprong hat Brandsma it nije rekôr te pakken. "Alles foel goed hjoed, en dan witte je: dan kinne je fier", sa fertelde er nei ôfrin. "Dit is echt super. Dit jier wie dit ek eins myn doel, it Fryske rekôr ferbrekke. Ik hie útrekkene dat it koe hjoed, mar dan moast alles goed gean."

Helmholt: "Safolle respekt foar Nard"

Mearfâldich kampioen Bart Helmholt wie snein ek yn Winsum doe't syn rekôr sneuvele. "As ik it ien gun, dan is it Nard wol", sa seit er. "Ik haw der safolle respekt foar. Foarich jier wie hy der al hiel tichtby. Mar no pakt er 'm op in wol hiel bysûnder momint. Dat er it ûnder dizze druk wiermakket, is wol hiel knap."
FIDEO: Bart Helmholt