Nard Brandsma en Marrit van der Wal winne FK fierljeppen yn Winsum

11 aug 2019 - 17:07

Nard Brandsma fan Warkum hat sneintemiddei yn Winsum it Frysk kampioenskip fierljeppen op syn namme skreaun. Mei in prachtsprong fan 21.68 meter yn de finale ferbettere Brandsma it Fryske rekôr en pakte er de oerwinning op it FK.

By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip oppermachtich. Sy ljepte in nij kampioenskipsrekôr mei 16.63 meter yn de finale. Anna-Jet Leyenaar fan Drylts einige as twadde mei in fierste ôfstân fan 15.04 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen pakte it brûns.

Jeugdkategoryen

By de junioaren gie de oerwinning op it FK nei Jesper Demmer fan Warkum. Hy ljepte in persoanlik rekôr yn de finale fan 18.14 meter. Dêrmei bleau er Abe-Luuk Stedehouder fan Drylts krekt foar; dy ljepte 18.11 meter, ek in persoanlik rekôr. Folkert Veldstra fan Akkrum einige op romme ôfstân as tredde.

By de jonges wûn Rutger Haanstra fan It Heidenskip mei 16.78 meter yn de finale. Efter him einige Riemer Durk Krol fan Heech as twadde mei in fierste ôfstân fan 16.41 meter. It brûns yn Winsum by de jonges gie nei Bouwe Westert fan Snits yn 15.74 meter.

Femke Rispens fan Niehove (Grinslân) wie de bêste by de famkes mei in fierste ôfstân fan 14.99 meter. Hanneke Westert fan Snits ljepte mei 14.99 ek in persoanlik rekôr, mar die dat earder as Rispens. Lisse van der Knaap fan Drylts waard tredde yn 13.97 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen Winsum FK
(advertinsje)