SC Hearrenfean pakt kreas punt tsjin Feyenoord

11 aug 2019 - 16:24

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei yn de twadde kompetysjewedstriid fan it nije seizoen in punt pakt tsjin Feyenoord: 1-1. Yn it eigen Abe Lenstra stadion stiene de besikers út Rotterdam lang op foarsprong, oant Ibrahim Dresevic yn de 80ste minút fan grutte ôfstân skoarde. Berghuis makke it doelpunt foar Feyenoord, út in strafskop krekt foar it skoft.

Foto: Orange Pictures

Al betiid yn de wedstriid krige Sportklup Hearrenfean in strafskop nei in oertrêding op Kongolo. Keeper Vermeer fan Feyenoord keas lykwols de goeie hoeke en koe de ynset fan Odgaard tsjinhâlde. In healoere letter wie de situaasje folslein omdraaid en krige Feyenoord in penalty fanwegen in handsbal. Dêr't Odgaard miste, fersulvere Steven Berghuis de kâns wol.

Lykmakker fan ôfstân

Nettsjinsteande de efterstân spile Hearrenfean in goeie earste helte. De thúsploech bleau ek nei it skoft trochgean. Hicham Faik skeat meardere kearen op it doel fan Vermeer, mar de doelman koe hieltyd mei muoite rêde. Oant de tachtichste minút like Feyenoord der mei de oerwinning fan troch te gean, mar doe krige Ibrahim Dresevic de bal. Hy skeat syn ploech fan fjirtich meter ôfstân op likense hichte mei de besikers.

Yn de slotfaze fan de wedstriid kaam it punt net mear yn gefaar. Troch it punt fan snein en de romme oerwinning fan foarige wike tsjin Heracles Almelo stiet de ploech fan trainer Johnny Janssen op dit stuit op in firtueel tredde plak yn de earedifyzje.

Debút Ras

De 20-jierrige Jan Ras makke yn de 77ste minút fan de wedstriid noch syn debút yn it earste alvetal fan Sportklup Hearrenfean.

SC Hearrenfean - Feyenoord 1-1 (0-1) 45. Berghuis 0-1 (penalty); 80. Dresevic 1-1.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Bruijn (77. Ras), Faik, Kongolo, Ejuke (77. Van der Heide), Odgaard, Van Bergen.

(advertinsje)
(advertinsje)