Brânwacht útriden foar dúnbrân op Skier, fjoer troch bewenners útmakke

11 aug 2019 - 15:48

De brânwacht is sneintemiddei op Skiermûntseach útriden foar in dúnbrân oan de Badweg op it eilân. Fanwegen de hurde wyn en de mooglike útwreiding fan de brân waard foar de wissichheid opskaald nei in middelbrân.

Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Doe't de brânwachtminsken arrivearren, die bliken dat de brân foar in grut part al troch bewenners útmakke wie. De brânwacht hat it dêrop fierder oernommen en is doe weromriden nei de kazerne.

Hoe't it fjoer oan de Badweg krekt ûntstean koe, is net dúdlik.

Trefwurden: 
brânwacht Skiermûntseach
(advertinsje)
(advertinsje)