Metaal- en boubedriuw fallyt

04 jul 2012 - 14:40

Metaalbedriuw JJ Welding yn Frjentsjer is fallyt. It bedriuw is spesjalisearre yn tanks en apparatebou foar de on- en offshore en de petrogemy. Der wurkje 11 minsken by it bedriuw. De problemen binne feroarsake troch betellingsproblemen mei in grutte opdrachtjouwer. Neffens de kurator wurdt der besjoen oft in trochstart mooglik is.

Ek yn de bousektor is wer in slachtoffer fallen. Boubedriuw Van der Veen fan Tytsjerk mei 10 minsken yn it wurk is tiisdei fallyt ferklearre.

(advertinsje)