Skûtsje Eastermar wint earste dei IFKS op de Fluezen

Skipper Geale Tadema fan it Doarp Eastermar hat sneintemiddei de earste wedstriid fan it IFKS skûtsjesilen wûn. Op it wetter fan de Fluezen by Ealahuzen kaam Tadema yn de Grutte A-klasse as earste oer de finish.
Finish - Skûtsje Eastermar wint earste dei IFKS op de Fluezen
Jeroen de Vos einige mei syn skûtsje Eelkje II fan Heech op it twadde plak. It brûns wie foar skûtsjeskipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse, dy't snein oan syn tritichste jier as skipper yn de IFKS begûn. Walter de Vries fan de Goede Verwachting einige as fjirde.

De Fluezen

De organisaasje fan de IFKS besleat earder al de lokaasje fan de silerij oan te passen. Fanwegen de hurde wyn waard de wedstriid ferpleatst fan de Iselmar nei it binnenwetter fan de Fluezen.
Geale Tadema fan it skûtsje Doarp Eastermar
Skipper Geale Tadema fan Doarp Eastermar fynt it machtich dat se dizze earste wedstriid fan dit IFKS-seizoen wûn hawwe. "En dat wylst wy hjoed net super goed rûnen. Mar wy hawwe wurke, dat is echt net normaal. Wy hawwe fierder gewoan hiel goed syld."