Winners fan de earste trije klassen IFKS skûtsjesilen bekend

11 aug 2019 - 14:49

De earste winners op de earste wedstriiddei fan de IFKS binne bekend. Op De Fluezen by Ealahuzen waard oant no ta striden yn de Lytse A-, B- en C-klasse. Wa binne de winners fan dizze earste dei?

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Debutant De Reuzen fan skipper Andries Brouwer kaam as earste oer de finish yn de Lytse A-klasse. Hy waard folge troch Henk Frankena mei it Abbegeaster skûtsje op it twadde plak en debutant Sander Meeter fan Akkrum einige as tredde.

B-klasse

De hast ûnfersleinbere Pieter-Jilles Tjoelker finishte as earste yn de B-klasse mei Sterke Jerke. Skipper Sietse Broersma fan de Ora et Labora pakte sneintemoarn it twadde plak, folge troch Bas Krom fan De Verwisseling.

C-klasse

Yn de C-klasse gie de deititel op de Fluezen nei Henk Regts mei de Grutte Pier. Steven Zijsling mei it skûtsje Striidbert finishte as twadde yn de C-klasse. Harmen Brouwer fan de Drie Gebroeders pakte it lêste poadiumplak.

Ferslachjouwer Andor Faber oer de útslaggen fan de klassen yn de IFKS

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)