Mountainbikester Anne Tauber kin nei maleur net mei de bêsten meikomme

11 aug 2019 - 13:11

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is snein by de wrâldbekerwedstriden yn it Switserske Lenzerheide alfde wurden. Oardel rûntsje koe se mei de rapsten meikomme, mar dêrnei krige se maleur oan it seal en foel se fier fuort.

Foto: www.orangepictures.nl

Ofrûne freed rieden de mountainbikesters ek al yn Lenzerheide. Doe gie it om de 'shorttrack', in koart parkoers en in race dy't goed 20 minuten duorre. Dizze snein wie it heuvelige parkoers 4,2 kilometer lang en wiene de mountainbikesters sa'n 80 minuten oan it racen.

Tauber noch fjirde

Nei it earste rûntsje lei Tauber fjirde, efter Anne Terpstra (Nederlân), Jolanda Neff (Switserlân) en Jenny Rissveds (Sweden). By dat groepke kamen letter de Fransêze Pauline Ferrand-Prévots - dy't freed al wûn - en Catharine Pendrel út Kanada.

Dy seis bleaune byinoar, allinnich Tauber foel derby wei, fanwegen de maleur oan it seal. By de materiaalpost waard lang wurke om it wer goed te krijen en dêrtroch ferlear Tauber in protte plakken.

Nei in ynhelslach wûn se noch wol wer wat plakken werom en úteinlik kaam se dus as alfde oer de finish. De race waard wûn troch Risveds, foar Terpstra en Ferrand-Prévot. Dy trije fierden it tempo op koart nei't Tauber fuortfoel út de top. Pendrel en Neff koene dat kopgroepke fan trije net mear byhâlde.

Tokio 2020

Tauber striidt mei Terpstra om in plakje op de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio. Nederlân mei mar ien mountainbikester ôffeardigje.

(advertinsje)
(advertinsje)