Kroon oer winst WK kuorbal: "We hebben onze beste wedstrijd neergezet"
Kuorbalster Marjolijn Kroon is tige tefreden oer de prestaasjes fan har team op it WK yn Súd-Afrika. Yn de tradisjonele finale tsjin België wie de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer oppermachtich. It waard úteinlik 31-18 foar Oranje. "We waren er heel erg op gebrand om hier heel goed te spelen en we wilden onze beste wedstrijd neerzetten en dat is volgens mij heel goed gelukt", seit Kroon.
It Nederlânske kuorbalteam waard foar de sânde kear op rige wrâldkampioen. By Oranje spylje de LDODK-kuorballers Erwin Zwart, Marjolijn Kroon en Marloes Frieswijk.
Frieswijk siet sneon by de WK-finale tsjin België op de bank, mar sjocht dochs posityf werom op har earste wrâldkampioenskip. "Heel gaaf natuurlijk. Ik ben blij met de minuten die ik gemaakt heb en daar heb ik ook enorm van genoten." Zwart kaam, lykas Kroon, wol yn aksje mar woe net foar de kamera reagearje.
Lang tiid om nei te genietsjen fan it sukses op it WK ha de kuorballers net, want it nije kompetysjeseizoen stiet foar de doar. Nei in koarte fakânsje sille se mei yngong fan 21 augustus wer oan de slach by LDODK.