Omrop TIP: Buro de Vries yn Ferwert

Wat is it karakter fan Ferwert? Watfoar minsken wenje der en hoe krije jo se aktyf foar it doarp? Mar ek: hoe giet it doarp dochs posityf de takomst yn, no't gemeentehûs en it Dockinga College ticht binne? Allegear fragen dy't snein oan 'e oarder komme yn Buro de Vries, want it programma is twa oeren live te gast op it terras fan it koöperative doarpskafee It Hoekje yn Ferwert.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ferwert is in doarpke yn it noardeasten fan de provinsje. Sûnt de fúzje dit jier heart it doarp by de gemeente Noardeast-Fryslân. Der wenje in lytse 1800 ynwenners. It doarp ûntstie yn de 9e iuw. Ferwert wie in ryk doarp troch de iuwen hinne, der wiene in soad states en rike famyljes. Johannes van Dijk wit in soad fan de skiednis. As jonkje wie hy der al mei dwaande. Hy is no op leeftiid en hopet dat der aanst wol opfolgers binne dy't syn wurk oernimme.
Johannes van Dijk oer de skiednis fan Ferwert

Wa leit dêr?

Foar 'Wa leit dêr?' binne we net op it hôf, mar yn de achtertún fan Johannes van Dijk. Dêr lizze twa grêfstiennen. De minsken sels lizze der net mear ûnder, mar it is wol in bysûnder ferhaal. It is it ferhaal fan Schelte Cornelis Bouma en syn frou.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Wa leit dêr? It ferhaal fan Schelte Cornelis Bouma
Ferwert
It is in bysûnder stel: de Old Pipers fan Ferwert. Sân mânlju dy't troch in playbackshow bymekoar kamen en no it koar Old Pipers foarmje. Se sjonge âlde seemanslieten en oefenje yn in blokhut. Ien kear yn it jier geane se nei Ierlân mei de ploech en trede as it efkes kin dêr ek op. Op 10 novimber fiere se alwer harren 3e lustrum, dan besteane se 15 jier. Dat wurdt grut fierd yn Ferwert mei de Ierske topband The Kilkennys. Kaarten dêrfoar binne te bestellen fan septimber ôf.
The Old Pipers

Alde gedichten

Om de tsjerke fan Ferwert hinne binne allegear âlde gedichten te lêzen. Bysûndere deadsgedichten út de skiednis. It is ûnderdiel fan in kuier troch it doarp.
Kuierje by deadsgedichten

Hegebeintum ferbûn mei Ferwert en omkriten

De terp fan Hegebeintum is gjin Ferwert mar wol bot ferbûn mei it doarp. It is in grutte lûker fan toeristen en der binne in soad Ferwerters dy't der frijwilligerswurk dogge. Se jouwe rûnliedingen en fertelle oer de skiednis fan de terp en ek de ynwenners. Buro de Vries die in miny-rûnlieding.
De terp fan Hegebeintum