Twa minsken ferwûne by botsing yn Steggerda

11 aug 2019 - 10:31

Helptsjinsten moasten sneintemoarn útride foar in ûngelok yn Steggerda. Op de krusing fan de Steggerdawei en de Hoevewei kamen twa auto's mei-inoar yn botsing. Hjirby binne yn alle gefallen twa minsken ferwûne rekke.

Foto: Kappers Media

Mooglik hat ien fan beiden de oare oer de holle sjoen, mei de botsing ta gefolch. Ien fan de auto's is nei de klap yn in njonkenlizzende tún bedarre. Twa ambulânsen en de plysje hawwe de slachtoffers holpen.

Trefwurden: 
ûngelok Steggerda
(advertinsje)
(advertinsje)