Metalfestival Into the Grave snein foar it earst fergees tagonklik

It metalfestival Into the Grave yn Ljouwert slút snein foar it earst ôf mei in fergeze tredde dei. Fan trije oere ôf spylje ferskate bands op it haadpoadium yn de stêd. De dei wurdt jûns om healwei njoggenen ôfsluten troch de Sweedske band Opeth.
© Ruth Mampuys / www.ruth-less.nl
De fergeze dei wurdt organisearre om de omwenners fan it Aldehoustertsjerkhôf te betankjen. Minsken mei in wykeinkaartsje hawwe wol foarrang. Sy meie in oere earder it terrein op. Der kinne yn totaal 6.500 minsken op it festivalterrein. Besikers dy't wis wêze wolle fan in plakje op it plein, kinne foar 20 euro ek in los kaartsje keapje foar de snein.
De njoggende edysje fan Into the Grave sette freed útein. De ôfrûne dagen kamen ferneamde metalbands út de hiele wrâld foarby, sa as Powerwolf, Meshuggah, Sacred Reich en Anthrax.
De band Opeth op Into the Grave 2019 © Omrop Fryslân, Robea Kleisma

It programma foar de fergeze snein

15.00 oere: Klone
16.00 oere: Prognosis
17.20 oere: Vintage Caravan
18.50 oere: Death Angel
20.30 oere: Opeth