IFKS skûtsjesilen op De Fluezen giet troch

11 aug 2019 - 08:52

De earste dei fan it IFKS skûtsjesilen op De Fluezen giet snein troch. De organisaasje hat dat sneintemoarn bekend makke by it palaver.

Grutte Pier, ien fan de winners yn Langwar - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De earste wedstriiddei soe sneon hâlden wurde, mar waard útsteld fanwege de hurde wyn. Ek de lokaasje fan de silerij is oanpast: fan de Iselmar nei it wetter fan De Fluezen. Dit leit wat mear yn de lijte, wêrtroch't de skûtsjes nei alle gedachten minder lêst hawwe sille fan de noch hieltyd hurd waaiende wyn.

By de IFKS wurdt yn fjouwer klassen syld. De C-klasse start om 9.15 oere hinne, de B-klasse om 11.00 oere en de Lytse A om 12.45 oere. De belangrykste klasse, de Grutte A, set om 14.30 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân. It parkoers dat op De Fluezen fearn wurdt is in op-en-del-baan.

Neffens skûtsjesylkommentator Gjalt de Jong kinne de skippers net wachtsje om los te gean. "Ik tink dat de silers hartstikke bliid binne dat se wer sile kinne."

De wedstriiddei fan sneon wurdt woansdei ynhelle by Ychtenbrêge.

Skûtsjesylkommentator Gjalt de Jong oer de earste IFKS-dei

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS De Fluezen
(advertinsje)
(advertinsje)