Wurdt der snein syld yn de IFKS op de Fluezen?

10 aug 2019 - 21:30

"Wy hawwe alles klear om snein starte te kinnen op de Fluezen, al kin it dan fansels ek te hurd waaien." Dat seit foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS. Freed makke de organisaasje al bekend dat de wedstriid fan sneon by Hylpen net trochgean koe. Ek foar snein binne de wedstriden ferpleatst fan it iepen wetter by Starum nei it binnenwetter fan de Fluezen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"It koe gewoan echt net. Wy kinne in soad, mar net it waar bepale", fynt Heldoorn. "Gewoanwei is alles yn it foar regele, mar der moast no hjoed noch in soad gebeure. Mar elkenien wurket hiel goed mei."

Palaver

Om acht oere sneintemoarn is it palaver, de briefing, by camping De Kuilart. Dan wurdt ek bekend oft de wedstriden trochgean kinne. "De wedstriidlieder hâldt alles goed yn 'e gaten en hat de meast aktuele waarberjochten", seit Heldoorn. "Dan kinst pas definityf it beslút nimme."

Ek de priisútrikking is ferpleatst. De winners fan snein kinne in dei letter harren priis yn ûntfangst nimme, yn Heech.

Oare problemen

De ferpleatsing fan de wedstriid fan de Iselmar nei it binnenwetter fan de Fluezen smiet sneon ek noch oare problemen op. "Us startskip koe net troch de slûs by Warkum, fanwegen de hurde wyn", fertelt de foarsitter. "Mar wy hawwe mei de provinsje regele dat it skip sneintemoarn betiid troch de slûs hinne kin."

In oar punt is de romte op de Fluezen. Sa is Ealahuzen te lyts foar alle skippen om oan te lizzen. Heldoorn: "De skippen sille foar it part foar anker moatte. It is ymprovisearjen. Ek it publyk kin it moarn eins allinne fanôf it wetter goed sjen."

Foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS yn petear mei ferslachjouwer Andor Faber

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS De Fluezen
(advertinsje)
(advertinsje)