Twa goals foar Fenna Kalma yn Champions League-duel fan FC Twente

Fuotbalster Fenna Kalma fan Haskerhoarne hat sneontejûn yn Enschede twa kear skoard yn de wedstriid fan har klup FC Twente tsjin Besiktas. Yn de wedstriid yn de foarronde fan de Champions League spile Twente úteinlik mei 2-2 lyk tsjin de ploech út Turkije.
© Orange Pictures
Binnen de tsien minuten iepene Kalma de skoare foar FC Twente. Healweis de earste helte kaam Besiktas lykwols op likense hichte. Yn de 46ste minút makke de Friezinne wer in doelpunt, mar krekt foar de ein fan de wedstriid kaam it Turkske team wer by.
Fenna Kalma tekene healwei maart dit jier in kontrakt by de froulju fan FC Twente. It ôfrûne seizoen kaam de Friezinne út foar de froulju fan Sportklup Hearrenfean.