Bysûnder jier foar Sikke Heerschop yn IFKS: "Dy tritich jierren binne omflein"

Sikke Heerschop belibbet fan snein ôf syn tritichste jier as skipper yn de IFKS. Boppedat is der noch wat, dat dizze edysje bysûnder makket foar Heerschop. Hy sylt foar it lêst as skipper op de Wylde Wytse. Fan takom jier sylt syn soan Wytse der op. "Dat ha ik tasein. In man, in man, in wurd, in wurd."
Yn 2013 waard Sikke Heerschop kampioen
Boppesteande bylden: yn 2013 waard Sikke Heerschop kampioen yn de IFKS.
Dat it Heerschop syn tritichste jier as skipper is, is foar him net ekstra spesjaal. "It is net oars as oare jierren tink ik. Mar, dy tritich jier binne wol omflein. Hoe âlder ast wurdst, hoe flugger as de tiid liket te gean. Eartiids as bern tinkst: 'moarn, dat is noch in ivichheid'. No bin ik yn de sechstich en no tink ik: 'tsien jier is neat en samar om'."
Dêrneist is it dus ek noch ris syn lêste jier by de Wylde Wytse. Hy sylde sûnt 2003 op dat skûtsje. Oar jier wol Heerschop sile op in skûtsje, dat hy kocht hat yn Ingelân en hielendal opknapt hat. "We binne hast klear mei de restauraasje. Ik tink dat we dêr fanôf april takom jier mei sile."

Bern

Takom jier sil Heerschop syn soan Wytse wierskynlik tsjinkomme yn de A-klasse, mar dat is dit jier ek it gefal. Wytse promovearre ferline jier mei de Woeste Anne en sylt ek yn de A-klasse. Dat jout it kampioenskip wol in moai tintsje, neffens Sikke. "Beiden binne we fanatyk, dus we jouwe inoar net in milimeter. Mar, it is wol leuk as hy ek moai foaryn komt. As dat mar net ta koste fan mysels is."
Neffens Heerschop is it skûtsjesilen foar him ek it meast feroare, doe't syn bern oan board kamen. "Ik bin wol noflik, mar dy bern fan my binne bloedfanatyk. Dat botst ek wol ris. Dêr leit de grutte feroaring", fertelt Heerschop. Op in bepaald momint hat hy allegearre oanpassingen oan it skip dien, wylst dat om himsels net hoegde. Dat woene de bern perfoarst. Mar, dat die wol fertuten: "Doe waarden we gelyk kampioen. Dus se hiene wol gelyk!"
© Omrop Fryslân