Gjin fjoerwurkshow by Lemster Wike troch de hurde wyn

10 aug 2019 - 20:01

De Lemster Wike einiget dit jier net mei in fjoerwurkshow. Yn ferbân mei de hurde wyn hat de gemeente De Fryske Marren besletten de fergunning yn te lûken.

De Lemmer - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der stiet in hurde wyn op de Baai fan De Lemmer, dy't ek noch ris rjocht nei de pleats ta waait. Dêrom is it ûnferantwurdlik om fjoerwurk ôf te stekken, sa seit de gemeente. Op advys fan de Feilichheidsregio Fryslân hat de gemeente De Fryske Marren de fergunning dêrom ynlutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)