Nederlânske follyballers maklik foarby België

10 aug 2019 - 19:00

It Nederlânske follybalteam is troch winst op België in stikje tichter by de Olympyske Spelen. Yn Rotterdam waard mei 3-0 wûn. Gijs van Solkema fan Snits spile alle trije sets mei en makke twa punten.

Gijs van Solkema (links) - Foto: ANP

Nederlân en België gongen yn alle trije sets lyk op, mar dochs koe Nederlân alle trije winne. It waard 25-22, 25-21 en 25-20.

Freed waard Súd-Koreä al ferslein. Sneintemiddei spilet Nederlân tsjin de Feriene Staten de lêste wedstriid fan de kwalifikaasjepûl.

Trefwurden: 
follybal Gijs van Solkema
(advertinsje)
(advertinsje)