Nederlânske kuorballers winne WK-finale fan België

10 aug 2019 - 17:48

De Nederlânske kuorballers, mei Friezen Erwin Zwart en Marloes Frieswijk binne sneontemiddei yn Súd-Afrika foar de sânde kear op rige wrâldkampioen wurden. Yn de tradisjonele finale tsjin België wie de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer oppermachtich: 31-18.

Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

Nederlân wie de hiele wedstriid it boppelizzende team. Yn de earste minút kamen se al op foarsprong, dy se de hiele wedstriid folholden. Healweis de finale yn Durban wie it al 20-10 foar de Nederlanners.

Friezen

De Fryske Erwin Zwart fan LDODK begûn yn de basis, mar skoarde net, Marloes Frieswijk kaam net oan spyljen ta. Ek LDODK-spylster Marjolijn Kroon begûn yn de basis, sy skoarde fjouwer kear.

It is de tsiende kear dat Nederlân it wrâldkampioenskip kuorbal wint. Fjouwer jier lyn waard mei 27-18 wûn fan België.

(Advertinsje)
(Advertinsje)