3D-printe boat fan ôffal presintearre yn Snits

10 aug 2019 - 17:22

In bysûndere presintaasje sneontemoarn yn Snits, fan in boat dy't útprinte wurdt en makke is fan ôffal fan Omrin. It is in primeur fan it bedriuw 10XL út Dordrecht. Sy wolle in lytse fabryk foar de printe sloep opsette yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It bedriuw 10XL makket de 'SLO3P' mei in 3D-printer, dy't yn 24 oeren it hiele skip printet. "We beginnen helemaal achteraan bij de spiegel, dan wordt het lijntje bij lijntje opgebouwd, en 24 uur later ben je bij de boeg", seit Gerben Smits fan 10XL.

Gerben Smits fan 10 XL fertelt hoe't de boat makke is

10XL is fan doel om mear boaten te meitsjen. "We willen over de hele wereld deze printers neerzetten. Daar gaan we van alles mee maken, in Friesland komt een botenfabriekje, in Den Haag komt een vliegtuigfabriekje."

Materiaal

Foar it materiaal foar de sloep kamen de betinkers earst út by Omrin. "Die zijn afgekomen op het Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics, dat in Heerenveen komt. Daar wordt veel kennis rond recycling opgebouwd", fertelt Omrin-direkteur John Vernooij.

"De boot is 3D geprint van plastic dat uit het Friese huishoudelijke afval is gevist." De SLO3P is makke fan polypropeen en is folslein te recycljen.

John Vernooij oer de rôle fan Omrin

Trefwurden: 
Snits boat 3D
(advertinsje)
(advertinsje)