Stoarmskea yn de provinsje: soad beammen omfallen

10 aug 2019 - 18:05

Rûnom yn de provinsje komme sneontemiddei meldingen binnen fan stoarmskea. It giet om soad beammen dy't omwaaid binne en takken dy't brekke en op 'e dyk falle. Foar de provinsje Fryslân en it Waadgebiet jildt sneon koade giel fan it KNMI.

Foto: De Vries Media

Sa is der op De Lange West yn Drachten in beam oer de dyk fallen. It autoferkear moast hjirtroch omride. Op in oar plak yn Drachten, op de Hoogzand, foel in beam op in caravan. Hoefolle skea de caravan oprûn hat, is net bekend.

Oan de Noorderhof, ek yn Drachten, foel in beam op in auto. Der rekke net ien ferwûne, de auto wie wol skansearre. En yn Burgum waard de Koumarwei blokkearre troch twa omwaaide beammen. De brânwacht hat se yn stikken seage en fan de dyk helle.

Brânwacht

Ek de brânwacht fan Beetstersweach moast yn aksje komme foar in grouwe takke op de Sweachsterwei. De takke hong boppe de dyk en moast fanwegen de feiligens fuorthelle wurde.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
Drachten stoarm beam
(advertinsje)
(advertinsje)