Miljoenen yn FrieslandCampina

04 jul 2012 - 13:58

FrieslandCampina wol 35 miljoen euro ynvestearje yn it kondinsfabryk yn Ljouwert. Hjir wurde kondensearre molke en molkepoeier makke. Fanwege de tanimmende fraach út Afrika, Azië en it Midden-Easten nei dizze produkten, wolle it suvelkonsern de produksje flink útwreidzje. Dat smyt nei alle gedachten in tsiental nije banen op.

De miljoene-ynvestearring moat noch wol goedkard wurde troch de Ried fan Kommissarissen.

Trefwurden: 
FrieslandCampina
(advertinsje)