Marten Kooistra trettjinde by EK hurdfytsen yn Alkmaar

10 aug 2019 - 14:57

Hurdfytser Marten Kooistra fan Jonkerslân is trettjinde wurden op it Europeesk kampioenskip foar beloften. Yn Alkmaar koe hy yn de massasprint net meidwaan om de winst.

Marten Kooistra - Foto: www.orange-pictures.nl

It Nederlânske team hie yn de finale in wichtige rol by it efterheljen fan de lêste flechters. Dêrtroch einige de wedstriid yn in massasprint. Kooistra siet goed foaryn, mar koe dat net folhâlde en sakke úteinlik ôf nei it trettjinde plak.

De Italiaan Alberto Dainese wie de sterkste, folge troch de Deen Niklas Larsen en de Est Rait Ärm.

Trefwurden: 
hurdfytsen EK Marten Kooistra
(Advertinsje)
(Advertinsje)