FK fierljeppen yn Winsum ferpleatst nei snein fanwege hurde wyn

10 aug 2019 - 12:26

It FK fierljeppen yn Winsum giet sneontemiddei net troch fanwege de hurde wyn. Nei proefsprongen fan Bart Helmholt hat de organisaasje besletten dat it net ferantwurde is om it Frysk kampioenskip trochgean te litten. It evenemint is ferskood nei sneintemiddei 13.30 oere.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Neffens wedstriidlieder Sytze Hilbrand Boschma is it troch de hurde wyn net feilich genôch foar de ljeppers. "De wyn is te flagerig, wêrtroch't it foar de polshâlder hiel lestich is om de stôk fatsoenlik stil te hâlden."

Sânfâldich Frysk kampioen Bart Helmholt hat twa proefsprongen makke en konkludearret dat it benammen foar de ljeppers mei minder ûnderfining net te dwaan is. "Ik bin 110 kilo op it momint. De wyn hat wat minder fet op my as op de famkes dy't yn de alderhurdste wyn springe moatte. Dat binne pûdsjes speesje fan 25 kilo, dy waaie alle kanten op mei dizze wyn. Dat is net te dwaan."

It FK is no ferpleatst nei sneintemiddei. De waarsomstannichheden binne dan better, seit Boschma. "Der is yn alle gefallen minder hurde wyn, se ha it oer krêft 4, 5. Dêr kinne we wol mei ljeppe."

It Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum is snein live by Omrop Fryslân te folgjen fan 13.30 oere ôf.

Ferslachjouwer Roelof de Vries praat mei de organisaasje fan it FK fierljeppen

Trefwurden: 
fierljeppen Winsum FK
(advertinsje)
(advertinsje)