Famylje Aldert Poortema wol skulderkenning ministearje fan Definsje

Neibesteanden fan de omkommen 22-jierrige militêr Aldert Poortema út Drylts wolle dat it ministearje fan Definsje har flaters erkent en kompensaasje biedt.
© Omrop Fryslân
Dat befêstiget harren advokaat Sébas Diekstra nei oanlieding fan berjochtjouwing fan De Telegraaf. Hjiryn wurdt skreaun dat út âlde steatsgeheimen bliken dwaan soe, dat der grutte flaters makke binne by de militêre operaasje wêrby't Poortema omkaam. De Fryske militêr kaam yn 2008 yn Uruzgan om it libben troch eigen fjoer. Hjirby kaam ek syn kollega-militêr Wesley Schol om.
"Op basis van informatie die zij nu hebben, zijn de ouders van mening dat de dood van hun zoon voorkomen had kunnen en moeten worden", seit Diekstra. De âlden hâlde it ministearje fan Definsje ferantwurdlik foar it fatale ynsidint en sjogge nei juridyske stappen. Sy steane lykwols ek iepen foar in petear mei it ministearje.
In wurdfierder fan Definsje seit dat se ree binne om it petear oan te gean. "Wij hebben altijd contact onderhouden met de families en nabestaanden, ook van andere betrokkenen. Als de familie van Poortema dit aan de orde wil stellen in ons volgende gesprek, dan is dat ook het onderwerp. Dan horen we graag wat de familie graag wil."
Definsje is net op de hichte fan in formele claim fan de neibesteanden.