BOVAG ferbjustere oer mankeminten oan boattrailers: "Het slaat echt alles"

By in kontrôle nei ôfrin fan de Snitswike hat bliken dien dat der in soad mis is mei boattrailers. Ynspekteurs fan de BOVAG kontrolearren 132 boattrailers en dêrfan fertoande 82 prosint mankeminten, sa as ferâldere bannen of stikkene ferljochting. De organisaasje wol no in keuringsplicht ynstelle om it riden mei trailers feiliger te meitsjen.
Boattrailers fertoane soad mankeminten
Tom Huyskens fan de BOVAG konkludearret dat de situaasje striemin is. "Erbarmelijk, schrikbarend zelfs. Het zijn zware woorden die ik gebruik, maar we schrikken hier echt van. Tsien jier lyn waard nei de Snitswike ek sa'n kontrôle útfierd en neffens Huyskens is de ûnderhâldstastân fan de boattrailers troch de jierren bot minder wurden. "Toen hebben we ook al rare dingen aangetroffen, maar wat we vandaag aantreffen, slaat echt alles."
De bannen fan meardere trailers kamen noch út de jierren 90 fan de foarige iuw. "Met haarscheuren waar je zelfs je nagel compleet in kwijt kan", fertelt Huyskens. "En daar gaan dan hele grote motorboten op en de mensen gaan daarmee de snelweg op." Ek brekkabels wienen net altyd yn oarder. Guon minsken brûkten dêrfoar in skuonfiter, wylst it in stielkabel wêze moat. Mei mar 24 trailers wie neat oan de hân.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It periodike ûnderhâld fan oanhingers en trailers gebeurt op frijwillige basis en der bin gjin wetlike regels foar yn Nederlân. Yn Dútslân en België is dat wol sa. De BOVAG pleitet no foar in APK foar oanhingweinen. Huyskens: "Als je nu ziet wat dit soort controles oplevert, ook bijvoorbeeld voor paardentrailers, zou je je toch eens achter je oren moeten krabben en misschien dat een verplichte keuring toch wel nodig is."
Ferslachjouwer Simone Scheffer wie by de kontrôle fan de boattrailers