Massale kokkelstjerte op it Waad troch waarmte

10 aug 2019 - 09:08

Kokkels binne massaal deagien op it Waad nei it waarme waar fan dizze simmer. Ferline jier gebeurde dat ek al. Jouke Visser fan Harns fisket al 35 jier mei de hân op kokkels, mar hy hat noch noait sa'n grutte kokkelstjerte meimakke.

Visser hat de ôfrûne wiken sjoen hoe't de situaasje wie. Op it eastlik Waad is sa'n 80 prosint fan de kokkels dea en op it westlik Waad 60 oant 70 prosint. Hy tinkt dat er yn septimber noch wol wat kokkels byinoar skrape kin, mar dat sil net in soad wêze.

Sa't it no liket, is in foarried fan fjouwer jier hielendal fuort. Der moat no earst wer in nije siedfal komme en net nochris hiel hyt waar. Want as dat de tendins is, is dat in ramp foar de sektor, sa seit Visser.

Der binne yn totaal 31 fiskers mei in fergunning om mei de hân kokkels te fangen op it Waad.

Foto: Margriet van Asch

Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei kokkelfisker Jouke Visser

(advertinsje)
(advertinsje)