Kollum: "Observaasjes"

10 aug 2019 - 08:32

"Ik jou it daliks ta, it is in hobby fan my. Observearje. Dat is wat oars as stalke, mochten jim daliks erchtinkend wurde. Nee, it gewoan besjen fan wat minsken dogge en hoe't se op elkoar reagearje, is tige fassinearjend. Foar minsken yn myn neiste omjouwing is it soms wat minder, want se binne my geregeld kwyt. Dan stean ik wer ergens yn in supermerk in diskusje tusken twa minsken te folgjen, gewoan omdat ik graach begripe wol wat der oan de hân is.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Observaasje ien: Sa seach ik dizze wike bygelyks in man mei in grutte boadskiptas yn syn hân de doar fan in winkel ferlitten. Op himsels gjin bysûnder barren, mar myn oandacht waard dochs triggere, om it mar ris yn geef Frysk te sizzen. Der wie wat frjemds oan it gedrach fan de man, al die hy syn bêst om sa ûnopfallend mooglik syn wei te gean.

Even letter kaam in folle jongere man him nei en hold him steande. De jongeman wie net yn unifoarm klaaid, mar liet troch it sjen litten fan in paske dat er oan in koarde om de hals hie, blike dat er by de supermerk yn de befeiliging siet. De tas mei guod wie net ôfrekkene, bliek út de diskusje. De jongeman woe dat de oare, folle grouwere keardel, mei him mei kaam. Dy wie dat net fan doel, nei wat hinne en wer drukken liet de dief de tas falle en treau de befeiliger oan kant, wêrnei't er makke dat er fuort kaam. It gie sa fluch dat myn reisselskip it net iens yn de gaten hie.

Myn fraach oan jim: Hie ik daliks myn rêchsek falle litte moatten en dy befeiliger helpe mei it oanhâlden fan de dief? Grutte kâns dat jim ja sizze, eins hie dat wol moatten. Ik ha it net dien.

Observaasje twa: It barde op deselde dei. We hienen in ekskurzje folge. Tige nijsgjirrich, mar dêr giet it no net om. Mei in fleske drinken, in broadsje en in banaan joegen wy ús even del op in bankje yn in tsjinoerlizzend park. Dat joech my de kâns om wer even mei myn hobby dwaande te gean. It duorre mar even, doe hearde ik in skreau. Dat bart wol faker yn in grutte stêd.

Op it trottoir rûn in kreaze jongedame mei in wite holdoek. Se seach wat laitsjend oer har skouder en skodholle fan nee, op in pleagjende wize. Doe hearde ik wer in skreau. In jongeman yn in swarte skinny jeans draafde oer it paad yn it park en sprong linich oer de izeren hikke tusken it trottoir en it park. Hy krige de jongedame hurdhandich beet en liet har hiel dúdlik blike dat hy woe dat se oer it paad yn it park rinne soe, net op it trottoir. Hy sleurde har yn de rjochting dêr't hy har ha woe, it laitsjen wie har al lang fergien. Even letter joech hy har mei in wetterflesse in pear ferme tikken om oan te jaan dat se nei him lústerje moast. Ja, hy sloech har, yn it iepenbier. Ik seach it, sittend op dat bankje.

Myn fraach oan jim: Ach, lit ek mar. Jim begripe wol wat ik jim freegje wol. Ik ha it opnij net dien.

(advertinsje)
(advertinsje)