Plysje-auto bedarret op 'e kop yn 'e sleat by De Jouwer

10 aug 2019 - 08:04

Twa plysje-aginten binne freedtenacht mei harren tsjinstauto yn in sleat bedarre by De Jouwer. Se rieden oer de Haulstersingel, doe't se in skerpe bocht te let seagen en net mear op 'e tiid remje koene. De plysjeauto kaam op 'e kop yn 'e sleat telâne.

Foto: De Vries Media

De twa plysjes rekken net ferwûne en koene sels út de auto komme. Se binne noch wol troch ambulânsepersoniel neisjoen. Dêrnei is it duo troch kollega's nei it plysjeburo brocht om te bekommen fan de skrik.

Foar safier bekend wiene de plysjes net mei haast ûnderweis nei in melding.

(advertinsje)
(advertinsje)