Diskutabele strafskop: "Ik denk dat de scheidsrechter geïntimideerd is geraakt"

09 aug 2019 - 23:08

It brekpunt yn de wedstriid De Graafschap - Cambuur wie de strafskop flak foar it skoft, wêrmei't de thúsploech op 1-0 kaam. Feroarsaker fan dy strafskop wie Calvin Mac-Intosch yn de eagen fan de skiedsrjochter. De ferdigener sels is dúdlik: "Ik was verbaasd dat de scheidsrechter een strafschop gaf."

By it duel tusken Mac-Intosch en De Graafschap-spits Ralf Seuntjens gie dy lêste ûnderút. "Hij was al de hele wedstrijd aan het zeuren tegen de scheids. Ik denk dat de scheidsrechter daardoor geïntimideerd is geraakt. Misschien ook wel door het publiek."

Want Mac-Intosch fûn it sels gjin strafskop. "Het is gewoon een mannelijk duel, waarbij hij valt. Misschien gleed-ie uit, misschien viel-ie bewust. Maar ik vind het gemakkelijk gegeven."

Je kunt van De Graafschap verliezen, maar niet op deze manier.

Calvin Mac-Intosch

De ferdigener, dy't freed ek nochris syn jierdei hat (30 jier), fûn lykwols net dat Cambuur de wedstriid ferlear troch dy strafskop. "We hebben gewoon te veel duels verloren. Je kunt van De Graafschap verliezen, maar niet op deze manier. Als we er meer strijd in hadden gegooid, dan hadden we een goede kans gehad."

It probleem lei him dus yn de duels, mar ek yn de opbou. "Dat verliep aanvankelijk goed, maar op het middenveld begint de aanval pas. En daar was te weinig creativiteit, te weinig loopacties. Daardoor konden we de vrije man niet vinden. In de voorbereiding hebben we veel aandacht besteed aan het aanvalsspel, maar het is er vandaag niet uitgekomen."

Dikke tik

Trainer Henk de Jong fûn dat de strafskop it brekpunt wie. "Dy strafskop wie in dikke klapper. We ha in frij lichte ploech en dan giest echt mei in dikke tik de klaaikeamers yn."

Dochs hie syn ploech dêrnei opstean moatten, jout De Jong oan. "Wy moatte leare om better mei tsjinslaggen om te gean. Dit ferlies wie hûndert prosint terjochte."

It wie de jonges tsjin de mannen.

Henk de Jong, trainer SC Cambuur

Benammen nei it skoft wie it ferskil grut, fynt De Jong. "It wie de twadde helte de jonges tsjin de mannen. It fisike ferskil foel my op. No hat De Graafschap ek in folwoeksen ploech, mar wy moatte echt folle better wurde."

Stappen meitsje

"We ha in frij lichte, nije ploech", leit De Jong út. "Allegear jonge jonges, dat wisten we. It is net dat we hjir net mei fierder kinne, mar we moatte stappen meitsje en dêr sille mei oan de slach."

Weromsjend op de wedstriid: "De earste helte wie wol ridlik. Doe wiene we aardich oan it fuotbaljen en kwa kânsen lykweardich", fertelt De Jong. "De twadde helte ha we neat kreëarre. Us sintrum spiele wol aardich goed, mar it middenfjild wie fierstente sacht. Sy moatte folle mear yn de duels komme."

Schouten: "Werk aan de winkel"

Ferdigener Erik Schouten hie ek syn twivels oer it penaltymomint. "Maar in de rust zei de scheids dat het een duidelijke penalty was, dus daar moet je het dan mee doen."

Krekt as Mac-Intosch leit Schouten syn frustraasje mear yn it spul fan de Ljouwerters: "Het probleem ligt vooral bij het zoeken van de vrije man. Er is werk aan de winkel. We probeerden het de tweede helft wel recht te zetten, maar dan krijg je die heel knullige 2-0 tegen."

Schouten wol de klam derop lizze dat der fierder neat oan de hân is. "We hebben van tevoren tegen elkaar gezegd: of we nou winnen of verliezen, niet direct denken dat we kampioen worden, maar ook niet dat we de play-offs helemaal niet gaan halen."

(advertinsje)
(advertinsje)