Anne Tauber sterk yn Switserlân, mar krekt njonken it poadium

09 aug 2019 - 22:14

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is freed by de wrâldbekerwedstriid yn it Switserske Lenzerheide fjirde wurden. De Friezinne fytste in sterke wedstriid, mar koe yn de sprint krekt net mei de bêsten mei.

Foto: www.orange-pictures.nl

It parkoers yn Lenzerheide is koart foar mountainbikebegripen: sa'n 900 meter. Tauber en har Nederlânske konkurrinte Anne Terpstra lieten harren de hiele race goed sjen: se wiene skerp en sieten faak fan foaren.

Rûntsje te betiid

Elisabeth Brandau út Dútslân sprong fuort út in groepke fan acht en doe't se nei acht rûntsjes oer de finish kaam, stuts se de hannen yn de loft. Mar se hie har ferrekkene, want se moasten noch in rûntsje.

Yn dat lêste rûntsje makken Jolanda Neff út Switserlân en de Fransêze Pauline Ferrand-Prevot tempo. Njonken dy twa koene allinnich Jenny Rissvelds (Sweden) en Tauber dat byhâlde. Yn de sprint wie Ferrand-Prevot it rapst, foar Neff, Rissveds en Tauber.

Fjirde kear top-fiif

Ferrand-Prevot wûn ôfrûne snein ek al. Doe waard Tauber fiifde. It is freed de fjirde kear yn seis wrâldbekerwedstriden dat Tauber yn de top-fiif einiget. De oare twa kear hie se maleur.

Yn it klassemint stiet Tauber op it fiifde plak, ien plakje efter Anne Terpstra. Tauber en Terpstra stride om in plakje op de Olympyske Spelen fan takom jier. Nederlân mei mar ien mountainbikester ôffeardigje nei Tokio.

(advertinsje)
(advertinsje)