SC Cambuur begjint seizoen mei ferlies by De Graafschap

09 aug 2019 - 21:54

Sportklup Cambuur hat de earste wedstriid fan it nije seizoen mei 2-0 ferlern fan De Graafschap. Yn Doetinchem krige de thúsklup flak foar it skoft in kontroversjele strafskop, wêrmei't it 1-0 waard. De twadde goal foel nei flaters achteryn by de Ljouwerters.

Yn it oantreklike begjin fan de wedstriid wie De Graafschap al wat sterker, al krigen de Ljouwerters ek kânsen. Sa gie in kopbal fan oanfierder Erik Schouten mar krekt njonken de goal fan De Graafschap-doelman Hidde Jurjus. Mar de measte kânsen wiene foar de thúsklup. Daryl van Mieghem wie twa kear gefaarlik, twa kear koe Sonny Stevens in doelpunt foarkomme.

Op in hurd ôfstânsskot fan Mo Hamdaoui wie de doelman fan de Ljouwerters kânsleas, mar de Ljouwerters seagen de bal op de latte einigjen. Net folle letter barde itselde oan de oare kant: doe foarkaam de latte in fraaie goal fan Robin Maulun út in frije traap.

Goedkeape strafskop?

Yn de blessueretiid fan de earste helte wiisde skiedsrjochter Ingmar Oostrom nei de stip. Hy seach in oertreding fan Calvin Mac-Intosch op De Graafschap-spits Ralf Seuntjens. Youssef el Jebli skeat de strafskop binnen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Al betiid yn de twadde helte fûn Robert Mühren foar Cambuur it doel. Hy stie lykwols bûtenspul op it stuit dat Mac-Intosch de bal joech, dus syn goal waard ôfkard. Krekt dêrnei wie it oan de oare kant fan it fjild wol raak. De ploech fan Henk de Jong oerlibbe earst noch in kolderike situaasje, mar úteinlik koe Jesse Schuurman dochs in skot ôffjurje. Dy waard oanrekke en foel fia Stevens slemilich binnen: 2-0.

Nivo sakket

Nei de 2-0 sakke it nivo fan de wedstriid. Giovanni Korte besocht it ris mei in ôfstânsskot, mar dat wie net goed genôch om it Jurjus dreech te meitsjen.

Doe begûn in faze dat it spul hurder waard. Van Mieghem en Gregor Breinburg fan de thúsklup krigen giel en itselde jilde foar Issa Kallon.

Henk de Jong besocht syn ploech werom yn de wedstriid te krijen, ûnder oare troch te wikseljen. Stanley Akoy, Mitchel Paulissen kamen yn it fjild en yn de slotfaze Ragnar Oratmangoen ek noch. Echte kânsen kamen der foar de Ljouwerters lykwols net mear. Foar De Graafschap noch wol, mar oan de stân feroare neat mear.

Nije wike

Oare wike freed stiet de earste thúswedstriid foar SC Cambuur op it programma. Dan komt Go Ahead Eagles op besite. Dy ploech begûn freed wol mei in oerwinning oan de kompetysje: 3-2 tsjin MVV.

De Graafschap - SC Cambuur 2-0 (1-0) 45+2. Youssef el Jebli 1-0, 51. Jesse Schuurman 2-0

Opstelling Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers (53/Akoy), Maulun (69/Paulissen); Kallon, Mühren, Korte (84/Oratmangoen)

(advertinsje)
(advertinsje)