Operaasje Tjallingii slagge

Operaasje Tjallingii slagge © Petra Hofs
De operaasje oan de heup fan de Fries Maarten Tjallingii is slagge. By de yngreep is de brutsen bonke mei skroeven wer oanelkoar set. De hurdfytser foel tiisdei yn de Tour de France en bruts syn heup. Tjallingii ried de etappe wol út, mar nei ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat de Tour foar him oer is.
Neffens Tjallingii is dit ien fan de teloarstellendste mominten út syn karriêre.