Ald-kommissaris Hans Wiegel nei Frysk refalidaasjesintrum

09 aug 2019 - 21:06

It giet alwer wat better mei Hans Wiegel. Dat skriuwt De Telegraaf. De âld-kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân waard earder dizze wike troffen troch in licht harsenynfarkt.

Foto: ANP

Wiegel is yntusken alwer út it sikehûs, seit syn sekretaresse tsjin de krante. Yn in refalidaasjesintrum yn Fryslân sil er no fierder better wurde.

Neisten fan de VVD-pommerant sizze dat er goed oansprekber is, mar dat er somtiden de wurden net fine kin. De ferwachting is dat syn refalidaasje noch wol in skoft duorje sil.

Wiegel, dy't yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) wennet, wie fan 1982 ôf tolve jier lang kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Hy krige de bynamme 'it orakel fan Fryslân'.

(advertinsje)
(advertinsje)