Van Solkema helpt follybalmanlju oan muoisume winst op OKT

De Nederlânske follybalmanlju binne it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) mei winst úteinset: nei't de 'lange mannen' de earste twa sets ferlern hiene, wûn Nederlân dochs noch mei 3-2 fan Súd-Koreä (23-25, 25-27, 26-24, 25-20, 15-12). Snitser Gijs van Solkema foel healwei de twadde set yn en begûn yn de lêste trije sets.
Blok fan Gijs van Solkema en Luuc van der Endt tsjin Jiseok Jung © ANP
Yn Ahoy yn Rotterdam striidt Nederlân mei trije oare lannen om ien plakje op de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio: dat binne de Feriene Steaten, België en Súd-Koreä dus. Fan dy trije is Súd-Koreä op papier de minste, mar dochs hie Nederlân it dus dreech.

Van Solkema falt yn

Pas healwei de twadde set, doe't bûnscoach Roberto Piazza de Fries Van Solkema ynbrocht, begûn it better te rinnen. Nederlân kaam werom fan in efterstân fan trije punten, mar dochs gie de twadde set noch nei de Koreänen.
Nei't Piazza noch wat wizigingen trochfierde oan it begjin fan de tredde set, wie Nederlân echt better as Súd-Koreä. It wie yn de tredde set noch wol spannend, mar dy gie úteinlik mei 26-24 nei Nederlân. Yn de lêste twa sets hie Nederlân it makliker.

No België en Amearika

Sneon spilet Nederlân de twadde wedstriid fan it OKT, dan is België de tsjinstanner. De Belgen binne de nûmer 12 fan de wrâld, Nederlân de nûmer 15. Snein is Amearika, de nûmer twa fan de wrâld, de tsjinstanner. Allinnich de winner fan de pûl pleatst him foar it WK. Foar de rest is der yn jannewaris noch ien kâns.