FIDEO: SKS-kampioen Grou hie it dreech: "We meie bliid wêze dat we hjir stean"

09 aug 2019 - 20:13

Grou is dan wol kampioen wurden yn de SKS, it skûtsje sylde freed eins in machteleaze wedstriid op de Snitser Mar. Dat seit Tammo Oosterhof, de adviseur fan it skûtsje. "Doe't we it twadde krúsrak yn giene, moasten we hieltyd korrizjearje op tsjinstanners dy't foar ús leine. We meie bliid wêze dat we hjir stean."

Fierder prate presintator Roelof Lousma fansels ek wiidweidich mei de winnende skipper Douwe Visser. Hy jout de wearde fan Tammo Oosterhof oan: "Sûnder him wurdt it in hiel stik dreger. Wy ha op alle punten in hiel goed team." By dat team hearre ek trije soannen fan Douwe Visser: Albert, Ulbe en Lourens. Sy reagearje ek op de winst fan harren skûtsje.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)