Tsiende slykslidekampioenskip op Skiermûntseach giet sneon net troch

09 aug 2019 - 19:46

De tsiende edysje fan it slykslidekampioenskip by de jachthaven fan Skiermûntseach giet sneon net troch. De organisaasje doart it net oan, fanwege de hurde wyn mei swiere wynstjitten. Dêrneist wurdt ek in flinke ferheging fan de wetterstân ferwachte.

De haven fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

By it kampioenskip moat op in houten slide yn sa'n koart mooglike tiid in trajekt op it Waad ôflein wurde. Dêrby binne der prizen foar de rapste man en foar de rapste frou, sy winne in gouden hjerring. Foar de 'meast modderige' dielnimmer is der in gouden waadwjirm. Der soene dit jier sa'n tweintich minsken oan it kampioenskip meidwaan.

De organisaasje hopet de tsiende edysje no takom jier hâlde te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)