Eastlike strannen Skiermûntseach krije bakken foar juttersôffal

Op de strannen oan de eastkant fan Skiermûntseach binne fan takom wike ôf spesjale strânôffalbakken te finen. De bakken stean dêr sadat minsken ôffal út see dêryn smite kinne.
© Gemeente Skiermûntseach
Op eltse kilometer strân komt sa'n houten 'ierappelbak' te stean. De bakken binne in inisjatyf fan de gemeente Skiermûntseach en Natuermonuminten. Sy sille de ôffalbakken regelmjittich leegje.
Nei in moanne folget in evaluaasje en wurdt besjoen oft de bakken ek dêrnei stean bliuwe kinne.