Omrop TIP: sneon de earste ôflevering fan it Cambuur Sjoernaal

09 aug 2019 - 19:11

De striid yn de fuotbalkompetysje barst freed wer los. Freed spilet SC Cambuur syn earste wedstriid yn de Keuken Kampioen Divisie. Fuort in bysûndere wedstriid, want yn Doetinchem is De Graafschap de tsjinstanner.

Yn de earste ôflevering steane Henk de Jong en Sandor van der Heide benammen sintraal. De mannen binne foar efkes wer werom by de klup dêr't se sukses en drama mei belibben. Twa jier lyn promovearren se mei De Graafschap ferrassend nei de earedifyzje, mar ferline jier wie der degradaasje. No keare se werom nei Doetinchem. Hoe is dat? Fansels komt ek in gearfetting fan de wedstriid foarby en wurdt it lêste Cambuurnijs besprutsen. En hoe blikke de spilers werom op de wedstriid?

Op sneons of op oare dagen

Omdat Cambuur meastentiids op de freedtejûn spilet, sil it Cambuur Sjoernaal faak op sneons te sjen wêze nei de útstjoering fan it nijsprogramma Fryslân Hjoed. As Cambuur op in oare dei fan de wike spilet, is it Cambuur Sjoernaal de deis dêrnei te sjen by Omrop Fryslân.

De wedstriid De Graafschap - Cambuur is freedtejûn 9 augustus fan 20.00 oere ôf te folgjen op de radio, mei ferslach fan Geert van Tuinen.

Op sneon 10 augustus is de earste ôflevering fan it Cambuur Sjoernaal fan 18.40 oere ôf te sjen op TV. In sjoernaal mei in lange gearfetting fan de wedstriid, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs.

(advertinsje)
(advertinsje)