Fjoertoer Flylân nei lange restauraasje wer iepen foar publyk

09 aug 2019 - 19:17

"Na veel geduld te hebben gehad is morgen de heugelijke dag", seit pachter Germ Veenstra oer it sneon wer iepen gean fan de Flylanner fjoertoer foar publyk. De toer wie sûnt septimber ferline jier net tagonklik fanwege in opknapbeurt. Ta frustraasje fan Veenstra duorre dy langer as pland.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Desimber ferline jier soe de opknapbeurt fan de toer klear wêze, mar mei omdat it giftige groom6 yn de brûkte ferve fûn waard, waard dat pas dizze simmer. Veenstra siet al dy moannen wurkleas thús. Earder sei der dêroer: "It falt net ta om as fjoertoerman ynienen 24 oeren deis thús sitte te moatten."

Fan sneon ôf is publyk wer wolkom op de toer. Germ Veenstra is der klear foar: "De hele dag aan voorbereiding open stellen van de vuurtoren bezig geweest."

Bylden fan de opknapbeurt:

(advertinsje)
(advertinsje)