Boargemaster Crone fan Ljouwert slút foar 14e kear dit jier wenning om drûgs

09 aug 2019 - 18:21

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat opnij in wenning sletten op grûn fan de Opiumwet. It giet om in pân oan de Purcellstrjitte yn Ljouwert, dêr't drugs foar de ferkeap fûn binne.

Foto: Photopixel / Shutterstock

De fynst wie yn april fan dit jier. It giet dêrby om ferdôvjende middels as kokaïne en Diazepam. Dêrneist waarden ek oan drugshannel relatearre saken fûn, as pûdsjes en wikkels.

Mei de sluting fan de wenning wol Crone drugshannel tsjingean en ek oerlêst foar omwenners foarkomme. Crone sleat dit jier trettjin kear earder in wenning op grûn fan de Opiumwet.

(advertinsje)
(advertinsje)