Hegere wurkstraf eardere direkteur kultureel sintrum Marrum foar fertsjusterjen jild

De eardere direkteur fan it kultureel sintrum yn Marrum is troch it gerjochtshôf yn heger berop feroardiele ta in wurkstraf fan 200 oeren. De 57-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean brûkte jild fan it kultureel sintrum foar privee-útjeften yn winkels, kafees en seksklups.
It gerjochtshof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens de man ferrekkene er it letter wer mei it kultureel sintrum, mar neffens it hôf is dêr gjin bewiis fan. Boppedat hie er net genôch ynkommen om dat te dwaan. It is net dúdlik hoefolle jild oft er krekt stellen hat, mar it giet yn elts gefal om inkelde tûzenen euro's.

Al earder feroardiele

De man wie earder feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oere, mar gie dêryn tsjin berop omdat er fûn dat er frijút gean moast. No hat er fan it hôf in wurkstraf fan 200 oeren krigen, wêrfan't 100 oeren ûnder betingst binne. Dat moat foarkomme dat de man opnij yn de fout giet. Earder waard er ek alris feroardiele foar inselde fergryp.
Omdat de saak al yn 2012 en 2013 spile, fûn it hôf in selstraf net mear passend.