Douwe Visser: "We ha ferskriklik foarsichtich dien"

09 aug 2019 - 17:13

Foar de tredde kear op rige is skipper Douwe Visser mei Grou kampioen wurden fan de SKS. It bleau oant de ein spannend. Dat fûn Visser sels ek. "Sitst de hiele tiid fan: hoe komt it? De hiele tiid telle."

Grou begûn mei in foarsprong fan 3,1 op It Hearrenfean oan de lêste race. De start fan Visser en syn bemanning wie noch goed: "We kamen as tredde om de boppeste boei. Ik tocht: dit sjocht der goed út. Mar it begûn hurder te waaien en dêr wiene we net klear foar."

It Hearrenfean en De Lemmer giene Grou foarby en Visser moast derfoar soargje dat it ferskil net grutter as trije skûtsjes waard. "Se sieten flakby. Der siet ientsje tusken It Hearrenfean en ús. Drachten kaam ticht by ús, doe wiene it der hast twa."

We hiene net de macht dy't we woansdei en tongersdei wol hiene.

Douwe Visser fan Grou

Dat Grou it freed sa dreech hie, kaam trochdat se net klear wiene foar de hurde wyn. "It wie sa ferskriklik spannend", seit Visser. "We hiene ek net de macht dy't we woansdei en tongersdei wol hiene. Dan ha je it minder yn de hân en dêr ha we in hekel oan."

Ien grut gefaar

De Grousters moasten coûte que coûte gjin protest oan de broek krije. "Dat wie it grutte gefaar. Dêrom ha we sa ferskriklik foarsichtich dien. By it earste krúsrak tochten we bygelyks dat we wol foar de Súdwesthoeke del koene, mar dat ha we net dien. Dus dan komst hjir út."

Dûbelde gefoelens by Sytze Brouwer

Sytze Brouwer waard mei It Hearrenfean foar it tredde jier op rige twadde efter Grou yn it klassemint. It soarge foar dûbelde gefoelens by Brouwer. "We ha wol goed syld. Konstanter as ferline jier en dat woene we. It wie in prima kampioenskip." Mar mei it twadde plak is er net tefreden: "Twadde is neat. De earste kear is it leuk, mar dêrnei wolst gewoan winne."

It Hearrenfean hat it wol besocht. "Sa binne wy. Dat fine wy ek moai, oanfallend sile." Uteinlik is it dus net slagge om Grou te ferslaan, mar it wie wol moaie silerij, fûn Brouwer. "It wie in geweldige striid oant it lêst oan ta mei De Lemmer en Grou. Dat wolle we graach sjen, dat wolle de minsken graach sjen. Ik tink dat we reklame makke ha foar it skûtsjesilen."

Sjoch hjir nei it wedstriidferslach fan Freark Wijma.

(advertinsje)
(advertinsje)